Wie wil tijdens de trainingen van ZPD meehelpen in de kantine? Dus niet een hele avond maar gewoon het trainingsuurtje van zoon of dochter. Aanmelden graag zo spoedig mogelijk bij Albert . 

Oan alle riedsleden fan Dantumadiel PDF Afdrukken E-mailadres
Geschreven door albert   
maandag, 11 juli 2011 10:57

Oan alle riedsleden fan Dantumadiel

ûnderwerp: swimbad „de Frosk”.

Achte Riedsleden,

Op 19 july sille jimme beslute oer de takomst fan de Frosk. Wethâlder Bos fertelde ús op 4 july dat it kolleezje fan doel is de gemeenteried út te stellen om it bad te sluten.

As Ried hawwe jimme no it beslissende wurd. Wy begripe dat jimme in lestige kar meitsje moatte. It jild by de gemeente wurdt krapper.
Lykwols: it soe in grut ferlies wêze foar de mienskip wannear ’t de Frosk sletten wurdt.

Alle politike partijen binne foar in goede sosjale en sportive ynfrastruktuer, foar  leefbere doarpen en se wolle it mienskipslibben stimulearje.
Ek it befoarderjen fan de folkssûnens is yn al jimme programma’s werom te finen.

Yn de Frosk komme minsken fan alle leeftiden. Poppen, pjutten en bern leare te swimmen, âlderein bliuwt yn beweging.
Minsken mei in beheining krije yn de Frosk de kans om te swimmen, de skoallen komme mei bussen fol.
Der is “herstel-,revalidatie- en reuma zwemmen”, der binne ferskate foarmen fan wettergimmestyk.
It rekreaasjeswimmen foarsjocht yn in grut ferlet en net te ferjitten is der in aktive swimferiening mei trening foar de jeugd en wedstriid swimmen, der ’t tsientallen frijwilligers by aktyf binne.

De feriening en it swimbad yn ’t algemien ferfolje boppedat in grutte sosjale funksje.
Dat die  ferline jier wol bliken: mear as 3000 hantekeningen ophelle.

Swimmen is in sport dy ’t men ek mei in hendikep of op hege leeftyd noch útoefenje kin. Yn ús streek binne net in protte swimbaden mei in grut bad mear oer,
en wat der is stiet faak op ’e nominaasje om sletten te wurden. Der binne hjir yn ferhâlding in soad minsken mei lege ynkommens, dêr ’t sa ’n swimbad fan grut belang foar is.
Safolle foarsjennings binne hjir net, it nivo moat net fierder achterút!

Gemeenteried, it soe in grut fersin wêze om dizze foarsjenning te skrassen. Trochgean mei it swimbad, yn wat foar foarm ek mar, sil altyd jild kostje.
Dit is lykwols gjin weismiten jild, mar in tige belangrike ynvestearring yn de leefberens: „Belutsen by Dantumadiel”, krekt yn tiden fan krimp.

De ûnwissens oer de takomst docht it swimbad gjin goed. Doch binne der op stuit noch hûnderten ferskillende  besikers, alle wiken.
Dat jout wol oan dat der genôch ferlet is! Wannear ’t der wer perspektyf is, ferwachtsje wy dat it tal brûkers fierder tanimme sil.

Der hat ferline jier al in protte korrespondinsje en diskusje west oer dit ûnderwerp. De measte arguminten jilde no noch krekt sa.
Wy sille dat net allegearre herhelje. Wat hjirboppe stiet is de kearn fan ús boadskip. Wy winskje jimme wiisheid ta by it nimmen fan in beslút.

Nei ferwachting sille der in protte brûkers fan „de Frosk” op ’e publike tribune sitte op de 19e. De minsken wolle de beslútfoarming fan tichteby meimeitsje.
Wy kinne ús swimbad net misse!

Mei rju achtinge,

foar in grut tal fêste besikers fan „de Frosk”,

Bettie Peterson – Dijkstra (0511-445549)
Willem Verf (0511-421197)

 

Laatst aangepast op maandag, 11 juli 2011 11:00